Warstiens krijt in boerecamping, seit it kolleezje fan Ljouwert

07 maaie 2019 - 18:46

As it oan it kolleezje fan Ljouwert leit, komt der yn Warstiens in boerecamping. Op de camping oan de Buorren soene fyftjin kampearplakken komme moatte. Yn in part fan de besteande stâl komme dûsen en húskes en in mienskiplike romte.

Foto: Google Streetview

De nije camping leit yn twa bestimmingsplannen. Neffens beide bestimmingsplannen is it eins net tastien dat der in camping komt, mar boargemaster en wethâlders wolle mei in saneamde 'buitenplanse grote afwijking' dochs tastimming jaan. De oanfraach past wol yn it gemeentlike en provinsjale belied. Ynkoarten nimt de gemeenteried in beslút.

(Advertinsje)
(Advertinsje)