Soarchorganisaasjes sykje personiel op banebeurzen yn Drachten, Ljouwert en Burgum

07 maaie 2019 - 18:31

Tsientallen belangstellenden binne tiisdei ôfkommen op de banebeurs fan soarchorganisaasjes Talant, Alliade, Reik en Wil. De soarchorganisaasjes hâlden de beurs op trije ferskate lokaasjes: Drachten, Ljouwert en Burgum. De organisaasjes hawwe bot ferlet fan meiwurkers en hoopje bygelyks begelieders en húshâldlike helpen te finen.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Geertje Schoonbergen fan Talant

Ferline jier hâlde Talant ek al in beurs. Dat wie doe sukses. Yn it ôfrûne jier hat Talant mear as fyftich minsken oannommen. Njonken begelieders en húshâldlike helpen koene ek studinten en skoalbern dy't in fakânsjebaantsje sykje, harren ynskriuwe.

Besikers fan 'e banebeurs

(Advertinsje)
(Advertinsje)