Fideoskiedsrjochter by play-offwedstriden Cambuur

By de wedstriden fan SC Cambuur yn de play-offs sil ek in fideoskiedsrjochter aktyf wêze. Gewoanwei soe dêr allinne yn de finales gebrûk fan makke wurde, mar no hat it fuotbalbûn KNVB besletten om it ek yn de earste en twadde ronde te brûken.
© ANP
Freed is de earste wedstriid fan Cambuur yn de earste ronde fan de play-offs. Almere City is de tsjinstanner fan de Ljouwerters. Tiisdei is yn Almere de return. De KNVB hat derfoar keazen om de fideoskiedsrjochter ek yn de earste twa rondes te brûken, om't it belang fan de wedstriden grut is.