Hurdfytsklassiker Súdeast-Fryslân rêden troch nije sponsor

07 maaie 2019 - 17:13

De âldste hurdfytsklassiker fan Frysl6an, de Ronde fan Súdeast-Fryslân, giet dit jier dochs troch. Earder tiisdei liet de organisearjende stichting Wieler Promotie Olympia witte dat de wedstriid fan de kalinder helle is, omdat de sinteraasje net rûnkaam. In makelerskantoar yn Dokkum helpt de organisaasje út de brân mei in jildbedrach.

Fanwege de hieltiten strangere regels oan bygelyks de feilichheid rinne de kosten heech op. De lêste jierren wie it al dreech om de begrutting slutend te krijen. Dit jier slagge dat net. Der wie in tekoart fan fjouwertûzen euro.

In makelerskantoar hat no witte litten dat dy dat bedrach foar syn rekken nimt. It giet om Woonaccent Makelaars Friesland mei fiif fêstigingen yn Fryslân. Dêrop hat Olympia besletten de Ronde fan Súdeast-Fryslân ein dizze moanne dochs trochgean te litten.

Jan Osinga en Björn Bakker fan de organisearjende stichting - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
(advertinsje)
(advertinsje)