Oanpassing Aldehoustertsjerkhôf en Griene Stjergebiet foar eveneminten

07 maaie 2019 - 16:57

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert hat besletten om op it Aldehoustertsjerkhôf en yn it Griene Stjergebiet guon saken oan te pakken, sadat it makliker wurdt om dêr eveneminten te organisearjen.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Yn it Griene Stjergebiet wurdt in transformator delset. Dêrtroch binne der gjin generatoaren mear nedich by grutte eveneminten, lykas it Psy-Fi festival, Welcome to The Village en Promised Land. Generatoaren stjitte in soad CO2 út, wylst in transformator folle miljeufreonliker is.

Fierder wurde op it rekreaasjeterrein wetterkranen en rioeloanslútpunten oanlein en der wurdt ek in glêsfezelnetwurk oanlein foar rappe digitale ferbiningen.

Aldehoustertsjerkhôf

Op it plein by de Aldehou sille oan de kant fan it gemeentekantoar twa beammen in pear meter ferpleatst wurde en der wurdt wat ekstra grien plante. De ynfalideparkearplakken bliuwe bestean, mar de oare parkearplakken ferdwine. Dêrtroch kin der oan dy kant in poadium opsteld wurde en biedt it plein plak oan mear besikers.

Op it Aldehoustertsjerkhôf wurde eveneminten as Into the Grave, it Hemels Festival en it Befrijingsfestival hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)