Provinsje stekt jild yn ûndersyk nei briedmasine greidefûgels

07 maaie 2019 - 16:19

De provinsje Fryslân stekt 20.000 euro yn wittenskiplik ûndersyk nei de mooglike ynset fan de briedmasine om ljipaaien út te brieden. De BFVW, it Bûn fan Fryske Fûgelwachten, wol graach sa'n briedmasine ynsette.

Ljip - Foto: Shutterstock.com

De provinsje sjocht der ek wol wat yn, mar neffens deputearre Johannes Kramer is it op dit stuit juridysk noch net mooglik om in fergunning ôf te jaan foar sa'n briedmasine. Hy wol dêrom earst de Ryksuniversiteit Grins goed útsykje litte oft de ynset fan sa'n briedmasine ek helber is.

"Yn prinsipe meie je gjin aaien út it lân meinimme. Mar as je dat dogge om de soarte te helpen en je kinne oantoane dat it doel hat, faaks is it dan wol mooglik. Mar je moatte it hiel goed útsykje en ûnderbouwe, dêrfoar is sa'n ûndersyk nedich."

Kânsearme aaien

Kramer tinkt hjirby foaral oan it meinimmen fan aaien fan plakken dêr't aai en pyk net folle kâns meitsje om te oerlibjen, lykas maislân. It ûndersyk giet om in inisjatyf fan de BFVW mei stipe fan de provinsje Fryslân.

De ôfrûne jierren hawwe guon fûgelleafhawwers de briedmasine ek al ynset, mar dat wie yllegaal. Age de Jong, ynwenner fan Skearnegoutum, krige dêr foar de rjochter in boete ûnder betingst foar krigen mei in proeftiid fan twa jier. Kramer fynt it wichtich dat in eventuele fergunning stân hâldt by de rjochter, as dy fergunning oanfochten wurdt.

Johannes Kramer oer it foarûndersyk nei de briedmasine

(Advertinsje)
(Advertinsje)