Histoaryske slûs Dokkumer Nije Silen wurdt renovearre

07 maaie 2019 - 16:02

Wetterskip Fryslân is by Dokkumer Nije Silen dwaande mei it renovearjen fan de spuislûs. Dy kriget in opknapbeurt sadat de histoaryske slûs, ek in ryksmonumint, noch jierren mei kin.

Foto: Google Streetview

De elektryske en hydraulyske ynstallaasje binne yntusken fernijd, om't dy net mear foldiene oan de hjoeddeiske easken. Op dit stuit wurdt it mitsel- en skilderwurk oanpakt foar it behâld en de útstrieling fan de spuislûs.

Utspraak beswierekommisje

De leuningen fan de slûs wurde noch net ferfongen. Dêrfoar wachtet it wetterskip op in útspraak fan de beswierekommisje oer de fergunningsoanfraach.

De wurksumheden soene oan de ein fan dit jier klear wêze moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)