Fryske Akademy docht ûndersyk nei sierleppels

De Fryske Akademy is op syk nei berteleppels en de ferhalen dêrachter. Undersikers fan de Akademy wolle witte hoe't de sulveren sierleppel ûntstien is en hoe't it in tradysje wurden is om se kado te jaan. Dat barde net allinne by in berte, der binne bygelyks ek houliks- en begraffenisleppels.
© Frysk Skipfeartmuseum
Minsken dy't sokke sierleppels hawwe en dêr ek bysûnderheden of anekdoates oer witte, wurdt frege om mei te wurkjen oan it ûndersyk.