Keunstner Auke de Vries winner fan de Gerrit Benner priis

Keunstner Auke de Vries fan Burgum is dit jier de winner fan de Gerrit Benner priis foar byldzjende keunst. De Vries ûntfangt de priis foar syn hiele oeuvre en is neffens de sjuery in wichtige ynspirator foar jongere generaasjes keunstners yn en bûten Fryslân.
© Piet Gispen
It wurk fan De Vries foar de iepenbiere romte is te finen yn wrâldstêden as Barcelona, Berlyn en Parys. Dêrneist sjocht de sjuery in gelikenis mei Gerrit Benner, nammejouwer fan de priis. De Vries is lykas Benner autodidakt; hy hat him op eigen krêft ûntwikkele ta postmodern keunstner.

Tentoanstelling

Njonken de jildpriis fan fiiftûzen euro kriget De Vries ek in tentoanstelling yn it Fries Museum. Dy wurdt op 13 septimber dit jier iepene, wannear't ek de útrikking fan de priis plak fynt.
De Gerrit Benner priis is troch de provinsje yn it libben roppen om it byldzjende keunstklimaat yn Fryslân te fersterkjen. De priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt. It is de achtste kear dat de provinsje de priis foar byldzjende keunst takent.