Twa Friezen yn heale finale Europa League

07 maaie 2019 - 14:29

De Fryske assistint-skiedsrjochters Mario Diks en Hessel Steegstra komme dizze wike yn aksje yn in heale finale fan de Europa League. De UEFA hat se oansteld op de wedstriid Valencia - Arsenal. Dy is tongersdeitejûn om 21.00 oere.

Hessel Steegstra, Jan de Vries en Mario Diks ferline jier yn Camp Nou yn Barcelona - Foto: Omrop Fryslân

Diks, fan Ljouwert, en Steegstra, fan Snits, steane skiedsrjochter Danny Makkelie by. Earder kaam it team al yn aksje yn de kwartfinale fan de Champions League tusken Porto en Liverpool.

Valencia moat tongersdei in nederlaach goed sjen te meitsjen. Ferline wike waard it yn Londen 3-1 foar Arsenal.

(advertinsje)
(advertinsje)