Trijehûndert feteranen kinne net nei de Fryske feteranedei

07 maaie 2019 - 14:04

Sa'n trijehûndert feteranen út Smellingerlân en Tytsjerksteradiel kinne net nei de Fryske feteranedei op 22 juny fanwegen in lokale aktiviteit yn harren gemeenten. De SVF, Stichting Veteranendag Friesland, hat dit tiisdei bekend makke.

Foto: ANP

De SVF hat alle gemeenten frege om de útnûging foar de feteranedei te fersoargjen. De SVF kin dat sels net dwaan yn ferbân mei de privacy-wetjouwing. Gemeenten kinne by it Veteranen Instituut yn Doorn adresgegevens opfreegje. Dêrnei kin de útnûging ferstjoerd wurde en dêrnei moat it adressebestân ferneatige wurde.

Lokale aktiviteit

De gemeenten Smellingerlân en Tytsjerksteradiel hawwe oanjûn dêr net oan mei te wurkjen, om't se in lokale aktiviteit organisearje foar harren feteranen. Likernôch trijehûndert feteranen út dy twa gemeenten kinne dêrtroch no net nei de Fryske feteranedei yn it WTC yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)