Aldste Fryske hurdfytsklassiker hâldt op: "Sa komt it net goed"

07 maaie 2019 - 13:44

De âldste hurdfytsklassiker fan Fryslân, de Ronde fan Súdeast-Fryslân, hâldt op te bestean. De wedstriid is in monumint fan de Fryske hurdfytserij. "De kosten wurde elk jier heger", fertelt Marietje Holtrop fan de organisaasje.

De organisaasje is yn hannen fan de Stichting Wielerpromotie Olympia, mar dy krije de sinteraasje net rûn. "It hinget op 4.000 à 5.000 euro." Dat komt ûnder oare troch regels dy't hieltyd stranger wurde. "Der wurdt hieltyd mear ferantwurding by ús dellein. En de begelieding fan de plysje wurdt hieltyd minder, dus moatte we sels mear motoaren ynhiere. Dat is ek in heech kosteplaatsje." De motoaren net ynhiere is gjin opsje: "We ha se nedich om de feilichheid fan de wedstriid te garandearjen."

Dan ha we aanst gjin Tom Dumoulin en Mathieu van der Poel mear.

Marietje Holtrop oer it ferdwinen fan ditsoart wedstriden

It net trochgean fan de wedstriid is net allinnich sneu foar de organisaasje en de fytsers, it is ek net goed foar de sport. "De toppers groeie út dit soart wedstriden", fertelt Holtrop. "As we aanst de klassikers net mear ha, gjin breedtesport, dan komt de topsport ek yn geding. Dan ha we gjin Tom Dumoulin en Mathieu van der Poel mear. As we aanst allinnich mar wedstriden ha mei rûntsjes fan 9 kilometer, dan dogge de fytsers net mear de ûnderfining op dy't se nedich ha."

De Ronde fan Súdeast-Fryslân bestie fjirtich jier en hie oansprekkende winners: Gerben Löwik, Rudi Kemna, Aart Vierhouten by de profs, Monique Knol, Leontien van Moorsel en Kirsten Wild by de froulju en Teun van Vliet, Erik Dekker, Leon van Bon en Dylan van Baarle by de junioaren.

Foto: Omrop Fryslân

Want de Ronde fan Súdeast-Fryslân is net de iennige hurdfytswedstriid dy't it dreech hat, neffens Holtrop. "Ik bin bang dat dit ek driget foar oare rondes. Ik hear yn myn omjouwing dat se begryp ha foar ús beslút en dat sy tsjin deselde problemen oan rinne."

"De deastek foar it hurdfytsen"

By de hurdfytsploegen is der ek begryp foar it beslút fan de organisaasjes. "It binne amateurs dy't har it hiele jier tariede om dizze ronde te riden. Se fine it allegear hiel spitich, mar ha wol begryp. Dat is fijn om te hearren. It ferdwinen fan dizze wedstriden soe de deastek foar it hurdfytsen wêze." Dêrom is it ek in warskôging foar de hurdfytsuny KNWU: "Want sa komt it net goed."

(advertinsje)
(advertinsje)