"Binnenstedsfyzje Dokkum moat op 'e skeppe"

De hoareka-ûndernimmers yn Dokkum wurde beheind en dêrom moat de binnenstedsfyzje op 'e skeppe. Dat seit riedslid Johan Talsma (ELP) fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Neffens Talsma roppe de hjoeddeiske ekonomyske ûntwikkelingen om in oar belied foar de Dokkumer binnenstêd.
Brouwerij Dockum ûntfangt hast alle dagen groepen foar in slokje en in miel © Omrop Fryslân
Foarbyld is de saak fan Brouwerij Dockum. Dy brouwerij, fêstige bûten de binnenstêd, draait noch altyd sûnder hoarekafergunning. In moanne lyn kundige de gemeente oan dat de brouwerij, dêr't ek in restaurant yn fêstige is, in twangsom oplein krije sil. Dat is lykwols noch net bard.

Flater gemeente

De eardere gemeente Dongeradiel hat neffens Talsma in grutte flater makke troch net yn te gripen, doe't bliken die dat de brouwerij ek in hoarekafunksje hat. Hoewol't it riedslid fynt dat der gjin útsûndering makke wurde moat, fynt er wol dat dit soarte saken yn 'e takomst oars oanpakt wurde moatte.
Riedslid Johan Talsma fan de ELP