Ferwaarleazge Gelderske postdowen fine ûnderdak yn Beetstersweach

07 maaie 2019 - 12:26

Mear as fjirtich ferwaarleazge postdowen út it Gelderske Beuningen hawwe ûnderdak fûn yn Beetstersweach. In âlder pear út Gelderlân koe net langer foar de fûgels soargje en dêrop kaam postdowehâlder Markus Brander yn aksje, skriuwt Omroep Gelderland.

De ynspeksje fûn dat it sa net fierder koe mei de dowen. De lanlike ynspeksjetsjinst sette in berjocht op Twitter en doe kaam Brander yn aksje. "It wie hiel fertrietlik foar dy minsken. De man koe hast net mear rinne en de frou mocht net by de hokken komme. En dan moat der in kar makke wurde: se moatte fuort."

Aardich bykommen

Dêrop ried de Fries nei Beuningen en helle er de fûgels op. Mei de dowen giet it wer aardich, sa seit er. "Se binne wer aardich bykommen. Der wiene wol in pear by dy't wat minder binne, mar ik tink dat it wol wer goed komt. As ik se net ophelle hie, wiene se nei alle gedachten nei de poelier gongen."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust by de dowen yn Beetstersweach

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(Advertinsje)
(Advertinsje)