ChristenUnie wol mear omtinken foar gefaren swimmen yn iepen wetter

De Steatefraksje fan de ChristenUnie wol dat der mear omtinken komt foar de gefaren fan swimmen yn iepen wetter. Se stelle skriftlike oan Deputearre Steaten. De ChristenUnie skriuwt dat de risiko's op ferdrinking earder grutter wurde as lytser. Dat docht wol bliken út sifers fan de Reddingsbrigade Nederlân.
Swimfiver Swanneblom by Slappeterp © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Steatelid Dennis de Calonne fan ChristenUnie fynt dat mear omtinken foar de gefaren fan it swimmen yn iepen wetter fan libbensbelang is.
Buorden by swimlokaasjes dêr't op warskôge wurdt, wurde net goed lêzen, sa docht bliken. Boargers binne ek net altyd goed op de hichte fan de risiko's fan it swimmen yn iepen wetter. Bewustwurding oer risikofaktoaren as streaming, djipteferskillen en kjeld is nedich.
Ut ûndersyk blykt fierder dat it net altyd dúdlik is wa't wêr ferantwurdlik foar is. Dêrom freget de ChristenUnie oan Deputearre Steaten wat dy dêroan dwaan sille.