Reedrydster Letitia de Jong ek de kommende twa jier by Team IKO

Letitia de Jong fan Feanwâlden rydt ek de kommende twa seizoenen foar Team IKO. De 26-jierrige Friezinne ried ferline jier ek al foar it reedrydteam, dêr't ek Jorien ter Mors ûnderdiel fan útmakket.
© Team IKO
De Jong debutearre ôfrûne seizoen op it EK sprint en op de WK ôfstannen en waard wrâldkampioen op de teamsprint. Ek ried de Friezinne it WK sprint en de finale fan de World Cup.

Progresje

"Als we kijken naar de progressie die Letitia afgelopen seizoen heeft gemaakt, dan zijn wij erg benieuwd wat er nog meer in het vat zit de komende jaren", sa seit har team. "Wij zijn er van overtuigd dat we haar beste races nog niet gezien hebben, daarom ook het contract voor twee seizoenen."