Gedonder op It Amelân: ûnienichheid oer betrouwenskommisje nije boargemaster

07 maaie 2019 - 11:56

De betrouwenskommisje dy't giet oer de oanrekommandaasje fan in nije boargemaster foar de gemeente Amelân is moandei mei in falske start begûn. Yn in ekstra riedsgearkomste waarden de leden, adviseurs en in foarsitter beneamd. By dat lêste gie it mis.

Foto: Google streetview

De fraksje fan AmelandEén, de winner fan de lêste gemeenteriedsferkiezingen, skode Siard Bonthuis nei foaren. Dêr wie riedslid Han van Heerde fan Ameland'82 it net mei iens. Dy fynt dat de betrouwenskommisje sels in foarsitter kieze moat, net de gemeenteried. Boppedat fynt Van Heerde dat Bonthuis net genôch ûnderfining hat. Bonthuis fûn dy opmerkingen "minachting voor de raad".

Irma Marinus foarsitter

Uteinlik waard de foarsitter wol kiezen troch de ried, want in amendemint fan Van Heerde om dat foar te kommen, rêde it krekt net. By it stimmen krige Irma Marinus úteinlik de measte stimmen: seis fan de alve. Dêrmei wûn it PvdA-riedslid it krekt fan VVD'er Jeppe Groenewold, dy't fiif stimmen krige. Bonthuis wie wol ferkiesber, mar krige hielendal gjin stimmen.

(advertinsje)