Ek ekstra elektrisiteitskabels yn de Waadsee tusken Holwert en It Amelân

Netbehearder Liander sil tusken It Amelân en Holwert oan de slach mei de oanlis fan twa ekstra elektrisiteitskabels. De kabels komme tusken it skeakelstasjon yn Holwert en in nij te bouwen ferdielstasjon op It Amelân, njonken it doarp Buren, te lizzen.
De Waadsee by Gryn © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De útwreiding fan de kapasiteit is nedich om foar de takomst foarsjen te kinnen yn de duorsumheidsambysjes fan it eilân. De kabels dy't no yn de Waadsee lizze, kinne de hieltyd hegere tastream fan stroom net langer oan.

Ein 2021 klear

Nei alle gedachten sette de wurksumheden yn 'e rin fan takom jier útein. De kabelferbining moat oan de ein fan 2021 brûkt wurde kinne.
Liander is op dit stuit al dwaande om de ynfrastruktuer op it fêstelân te ferbetterjen, mei ûnder mear útwreiding fan de kapasiteit tusken Holwert en Dokkum.