Sjonger Marcel Smit: "Omstekeard moat yn it Frysk wurdboek"

07 maaie 2019 - 11:23

"Omstekeard: oeral dêr't ik it sjong witte minsken wat ik bedoel. Dêrom fyn ik dat it thúsheart yn it Frysk wurdboek." Dat seit sjonger Marcel Smit oer it wurd 'omstekeard'. Hy is in petysje begûn om it wurd yn it Frysk wurdboek te krijen. Smit hat de petysje moandeitejûn online set en tiisdeitemoarn wiene der fyftich ûndertekeners.

Marcel Smit - Foto: eigen foto

Yn de omkriten dêr't Smit opgroeid is, yn 'e Wâlden, waard 'omstekeard' hiel faak brûkt. Hy skriuwt by de petysje: "Nee, ik haw it wurd net sels betocht. It wie der al, myn heit brûkte it al doe't ik lyts wie. "Dyn trui sit omstekeard" en myn heit learde it wer fan syn heit".

Faak genôch brûke

Yn it radioprogramma Muzyk yn Bedriuw by Omrop Fryslân socht presintator Arjen Overmaat foar Smit út hoe'tst in wurd yn it wurdboek krigest. "As it wurd faak genôch yn de taal brûkt wurdt, as it in wurd is fan alle Friezen mei-inoar", fertelt Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy him.

Marcel Smit yn Muzyk yn Bedriuw

"In earste stap is it wurd brûke, it te publisearjen en derfoar te soargjen dat it oernommen wurdt. As wy it faak genôch tsjinkomme op ynternet en yn teksten, dan kin it yn it wurdboek komme." Dêrom is Smit no de petysje start.

De petysje is hjir te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)