Djenahro Nunumete tekenet kontrakt by SC Hearrenfean

07 maaie 2019 - 10:57

SC Hearrenfean hat de 17-jierrige Djenahro Nunumete in profkontrakt jûn. De middenfjilder tekenet foar trije jier by de Fryske earedifyzjonist.

Foto: ANP

Op it stuit spilet Nunumete noch yn Hearrenfean O17. Takom jier sil er oanslute by de seleksje fan O19. De kommende jierren wol Hearrenfean him trochûntwikkelje.

"Djenahro is een veelbelovende speler", seit technysk manager Gerry Hamstra op de klupwebside. "Je kunt hem typeren als een creatieve en technisch zeer vaardige middenvelder met een goede passing."

(advertinsje)