Werprintige fan Fryske edysje Nijntje-fielboek

07 maaie 2019 - 10:51

Presys tsien jier nei't de earste Fryske edysje fan 'Nijntje op de boerderij', oftewol 'Nijntje op 'e buorkerij', ferskynde, komt der in werprintinge fan it kartonnen 'fielboek' op grut formaat. Yn it boek is te sjen watfoar bisten der binne op de buorkerij. Bern kinne oan de stofkes fiele en riede wat derachter ferstoppe sit.

Foto: ANP

Utjouwerij Bornmeer jout sûnt 1997 boeken fan Nijntje út yn it Frysk, Gryksk en Latyn. Sûnt jierren docht de útjouwerij dat ek yn ferskate streektalen, lykas it Biltsk en Ljouwerters.

De populariteit fan Nijntje yn de streektalen nimt ta. Der binne goed 300.000 eksimplaren ferkocht yn oare talen as it Nederlânsk. Yn it Frysk binne fiif boekjes ferskynd, wêrûnder dus 'Nijntje op 'e buorkerij'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)