Undersiker Hans Van de Velde beneamd ta heechlearaar yn Utrecht

Sosjolinguistysk ûndersiker Hans Van de Velde fan de Fryske Akademy is beneamd ta heechlearaar sosjolinguistyk oan de Universiteit Utrecht. Dêrby sil er yn it bysûnder omtinken jaan oan de taalfariëteiten yn Fryslân: it Frysk, Nederlânsk, Nedersaksysk en Frysk-Nederlânske mingtalen.
© Fryske Akademy
Van de Velde is sûnt ein 2014 'senior' ûndersiker sosjolinguistyk by de Fryske Akademy. Dêr is er ek lid fan it managementteam. Fan 2002 oant 2014 wie er dosint-ûndersiker oan de Universiteit Utrecht.

Nije wurkwize

No't er weromgiet nei Utrecht, sil er in nije wurkwize ûntwikkelje foar it ûndersyk nei taalfariaasje en taalferoaring. Dêrby makket er gebrûk fan de ûndersyksfasiliteiten en taaldatabanken dy't oan de Fryske Akademy ûntwikkele binne. Dêrnjonken sil Van der Velde kolleezjes jaan en studinten en promovendy begeliede.
De learstoel fan Van de Velde is mei mooglik makke troch stipe fan de stichting Frysk Akademyfûns. Dat fûns wol mei de learstoel it wittenskiplik ûndersyk en ûnderwiis oer de taalsituaasje yn Fryslân fersterkje.