Tennisklup Akkrum ûndersiket feilichheid ljochtmêsten

07 maaie 2019 - 09:33

De tennisklup yn Akkrum docht ûndersyk nei de feilichheid fan de ljochtmêsten om de tennisbanen hinne. Oanlieding foar it ûndersyk is dat deselde soart ljochtmêsten fan fuotbalferiening Akkrum ôfkard binne en fernijd wurde moatte.

Foto: Noordoost.nl/Alex J. de Haan

Ien fan de seis mêsten om it fuotbalfjild hinne is yn in stoarm earder dit jier omwaaid. De gemeente Hearrenfean hat ûndersocht hoe't dat koe en it docht bliken dat fan de omwaaide mêst in lasknaad fan binnenút trochrustke wie. By in pear oare mêsten ûntdutsen se itselde.

De stikkene ljochtmêst fan de fuotbalferiening Akkrum - Foto: Noordoost.nl/Alex J. de Haan

De gemeente Hearrenfean hat de tennisferiening warskôge, omdat de mêsten sawat like âld binne. De mêsten om it fuotbalfjild wurde sa gau as mooglik ferfongen troch de gemeente. De kâns is grut dat se dêrby foar LED-ferljochting kieze, omdat de gemeente in foarbyldfunksje ferfolje wol.

Reparaasje hat foarkar

De tennisferiening besjocht no earst oft har mêsten itselde mankemint ha. As dat it gefal is, giet de foarkar út nei reparaasje. Mocht dat net mooglik wêze, dan sille der nije mêsten komme moatte. It kin wêze dat dan gearwurke wurdt mei de gemeente om de kosten sa leech mooglik te hâlden, seit foarsitter Herman Bierma fan de tennisferiening.

Stikkene ljochtmêsten fan de fuotbalferiening Akkrum - Foto: Noordoost.nl/Alex J. de Haan
Trefwurden: 
Akkrum ljochtmêsten
(advertinsje)