Aksje foar bewenners Nij Ylostins: "Zo mogen we niet met ouderen omgaan"

07 maaie 2019 - 08:58

Drylsters komme tiisdeitejûn yn aksje foar soarchkompleks Nij Ylostins. De takomst fan it gebou stiet faai omdat de eigener, wenningkorporaasje Elkien, net mear yn it ferâldere gebou ynvestearje wol. De aksjefierders sille tiisdei in 'sirkel' foarmje om de bewenners hinne: "Om een signaal te geven: bestuurders, ga weer om de tafel", seit Joke Schilling.

Nij Ylostins, Drylts - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Joke Schilling

Schilling is ien fan de aksjefierders. Dy hoopje dat Elkien, soarchorganisaasje Patyna en de gemeente Súdwest-Fryslân wer mei-inoar yn petear geane. "Want als zij al over elkaar heen rollen, wat moeten wij daar dan mee?", freget Schilling har ôf. "In de supermarkt vertelde een man van 81 huilend zijn verhaal dat hij z'n thuis kwijt gaat raken. Daar stond een meisje van 13 jaar bij, ook met tranen in haar ogen. Toen dacht ik: wat geven wij als voorbeeld mee aan onze kinderen en kleinkinderen?"

De aksjefierders binne it net iens mei eigener Elkien, dy't it kompleks te âld fynt en te djoer om op te knappen. Boppedat is de brânfeiligens neffens Elkien net yn oarder. Soarchorganisaasje Patyna seit dat it net mear mooglik is om goede soarch te ferlienen yn Nij Ylostins. De keamers soene te lyts wêze. "Volgens de ouderen zijn de huizen nog prima te bewonen", seit Schilling. "Ouderen hebben geen design nodig. Ouderen hebben hun sociale cohesie nodig, hun bekende plekjes."

Het zijn geen konijnen die je van het ene naar het andere hok verhuist.

Joke Schilling oer de âlderen yn Nij Ylostins

En dêrom foarmje Schilling en oare sympatisanten tiisdeitejûn in 'minsklike sirkel' om de âlderen hinne. "Ik geloof daarin. Ik geloof in de Friezen, ik geloof in IJlst, ik geloof in m'n stadsgenoten. In de stad waar ze geboren zijn, willen de ouderen ook sterven. Dat mag je mensen niet misgunnen. Het zijn geen konijnen die je van het ene naar het andere hok verhuist."

Plannen foar behâld

Der binne plannen om Nij Ylostins te behâlden. Soarchûndernimmer Simmy de Vries fan Sigerswâld komt yn aksje. Earder hat se har ynset foar De Spiker yn Ternaard. En ynvestearder Henk Hoekema fan Koudum socht kontakt mei Elkien. Dy is lykwols net fan doel it gebou te ferkeapjen: "It is te min om te ferkeapjen. Liedingen binne korrodearre en lykas earder al sein is, foldocht it net oan de brânfeiligenseasken."

Stipe fan de bruorren Anker

Schilling krijt yntusken stipe fan alle kanten. "Maandag werden we gebeld door Wim Anker", fertelt se. "Hij had met zijn broer Hans met stijgende verbazing geluisterd en gekeken naar wat er hier in IJlst gaat gebeuren. Zij willen als mens, dus niet vanuit hun ambt, achter onze ouderen gaan staan. Zij vinden ook dat er anders omgegaan moet worden met deze oude mensen. Ze stellen zelfs een spaarpotje beschikbaar om ons te laten praten met een civiel advocaat, zodat die ons kan bijstaan als er verdere actie of reactie nodig is, al hoop ik dat het niet zover komt."

Tiisdeitejûn komme Schilling en dy byinoar by Nij Ylostins. "Om 19.20 uur gaan we een kring vormen, hand in hand om de ouderen heen. Een signaal naar bestuurders en de regering dat het anders moet en dat we niet zo met ouderen om mogen gaan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)