Kollum: "Fryslân hat in edukaasjegat"

07 maaie 2019 - 08:23

"Earst tocht ik dat it in miny-pânserwein wie, ynklusyf in boardkanon. Hy kaam by it parkearplak fan Winkelsintrum Damwâld wei. Mei't er de dyk opried, rûn ik der nijsgjirrich op ta. De lytse pânserwein bliek in ferboude scootmobyl te wêzen. It mantsje dat deryn siet rûsde ik in jier of tachtich. Hy seach my ferheard oan doe't ik him frege wêrom't er yn sa'n opfallend apparaat om tufte.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

"Fan 'e klaai", sei er. "Ik hear it al. Jo ha gjin idee. Se ha my hjir op 'e krúspunten yn 't doarp al in stik of wat kearen hast deariden. Sûnt se dêr dielde romten fan makke ha, is it oarloch. En as it oarloch is, moat men der klear foar wêze. Dat ik ha myn scootmobyl oanpasse litten. As ik dat net dien hie, hie de frou my al mei in plamuermes fan de klinkers skrabje kinnen." En fuort skeat er.

In skoftke lyn koe men by Omrop Fryslân ûnfeilige ferkearssituaasjes melde. Dêr kamen sa'n 700 reaksjes op. Boppe-oan de list stiene de twa krúspunten yn Damwâld en it Blokhús- en Stasjonsplein yn Ljouwert. Net alhiel tafallich saneamde shared spaces.

Dy shared space is yn de jierren 90 betocht wurden troch Hans Monderman, in ferkearssaakkundige. Troch yn de iepenbiere romte gjin ferkearsregels mear ta te passen en alle ferkearstekens fuort te heljen, wurde ferkearsdielnimmers twongen om goed op elkoar te letten en rekken mei elkoar te hâlden. Dat wie de fizy fan Monderman. In soarte fan legitym spûkriden, mei oare wurden. Fuotgongers, fytsers en automobilisten binne lykweardich, allegear like sterk of swak.

It doel fan in shared space is om it ferkear op plakken feiliger te meitsjen. Neffens it mantsje yn de pânsermobyl is dat yn Damwâld net slagge. En hy wie net de iennichste dy't dat fûn. Ien skreau oer it krúspunt Haadwei-Thiedamawei: "Nei it fuortheljen fan de rotonde is it der net better op wurden. Der wurdt fierstente hurd riden troch auto's, bussen, ensafuorthinne. Minsken witte net wa't dêr foarrang hat. Auto's, fytsers, fuotgongers: se komme fan alle kanten." In oarenien sei: "It wie in rotonde dêr't neat gefaarliks oan wie. No is it ferskriklik en stiet eltsenien op elkoar te wachtsjen."

Neffens ferkearssaakkundige Van der Meulen fan Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid is der sprake fan in edukaasjegat. Dat klinkt as in swart gat dêr't noch gjin foto fan bestiet. It is lykwols in oar wurd foar gebrek oan training en ynformaasje, foar wat sa'n shared space oangiet. Dielde romten blike yn de praktyk faak in boarterstún te wêzen dêr't it rjocht fan de sterkste jildt, de grutste mûle it foar 't sizzen hat en ûnbeskofterichheid foar master opslacht. Grand Theft Auto yn it echt.

Wylst it idee fan Monderman net ferkeard is. Helje alles fuort en it rêdt himsels. De shared space as in plak dêr't elts each foarinoar hat en rekken mei-inoar hâldt. De dielde romte as in ôfspegeling fan de maatskippij. Utopy fersus anargy. Wat lûkt oan it langste ein?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)