Frou rekket rydbewiis kwyt nei te hurd riden, mar stapt dochs wer yn de auto

In 33-jierrige automobiliste út de gemeente Súdwest-Fryslân is har rydbewiis kwytrekke, om't se 72 kilometer it oere te hurd ried op de Kampwei by Rotsterhaule.
© ANP
De maksimumsnelheid dêr is 60 kilometer it oere, mar de frou ried dus 132. Nettsjinsteande dat har rydbewiis ynnaam wie, seach de plysje de frou in kertier letter dochs wer yn har auto riden. Se is op 'e nij oanhâlden. Der is proses-ferbaal tsjin de frou opmakke. Neffens de plysje is der sprake fan in misdriuw.