Omwenners ha beswieren tsjin grut sinnepark by Kollum

Ynwenners fan Kollum fiele har negearre troch it gemeentebestjoer fan Noardeast-Fryslân. Sy ha it kolleezje en de ried in brief stjoerd oer de oanlis fan in grut sinnepark oan de râne fan it doarp.
© Omrop Fryslân
De plannen foar de oanlis fan it park troch de firma GroenLeven datearje al út 2017. It gemeentebestjoer fan Kollumerlân wie doe noch in selsstannige gemeente. No falt Kollum ûnder Noardeast-Fryslân.
It sinnepark wurdt neffens omwenners te grut en se fine dat it net yn de omjouwing past. Oant no ta wol wethâlder Berends gjin kontakt mei de tsjinstanners, ek komt der gjin ynhâldlik antwurd op fragen. Yn de brief oan de ried skriuwe de beswiermakkers: "We krijgen het gevoel op een andere planeet te leven, het is om moedeloos van te worden."

Meiprate

Neffens Doeke Dam, ien fan de omwenners, wurdt der al hiel lang besocht kontakt te krijen mei de gemeente. Se wolle op de hichte hâlden wurde en meiprate oer hoe't sa'n sinnepark der útsjen moat. "De gemeente hat oait oanjûn dat se oerlis belangryk fine by dit plan", seit er.
"Mar se litte no de bal kompleet by GroenLeven lizze. En GroenLeven is fansels in partij mei in kommersjeel belang. Mar objektyf wurdt net sjoen nei wat dit eksakt foar ús ynhâldt. De gemeente ferskaft gjin dúdlikheid oer de proseduere en de wize wêrop't it park hjir komt."
It soe tsjin it bedriuweterrein fan Kollum oan komme moatte en dan soe der ek gjin romte mear wêze foar útwreiding fan bedriuwen.
We moatte dochs wat mei-elkoar op dizze wrâld, mar net op dizze manier.
Doeke Dam, ien fan de beswiermakkers
It kolleezje sil op 14 maaie in beslút nimme oer it sinnepark. De beswiermakkers wolle dêrfoar graach noch yn petear mei de gemeente, oars moatte sy dêrnei yn berop fia de rjochter. "Wat goed wêze soe is dat wethâlder Berends dit út it amtlik proses hellet", seit Dam. "Ien oanstelle om hjir objektyf nei te sjen. We ha GroenLeven, omwenners, natuer en de feilichheid fan Kollum. Hoe rjochtsje we it yn?"
Hielendal tsjin op in sinnepark binne de beswiermakkers net. "Je meie net direkt mei de hakken yn it sân as it om it fraachstik enerzjytransysje giet. We moatte dochs wat mei-elkoar op dizze wrâld. Mar graach net op dizze manier, want je kinne net foar eat wêze as je net witte wêr't je oan ta binne", seit Dam.
Doeke Dam