Elk Sines krijt ferfolch, mar hoe bliuwt noch geheim

07 maaie 2019 - 06:22

It suksesfolle stik Elk Sines oer de legindaryske Tjerkje en har kafee op De Klieuw krijt in ferfolch. It wurdt yn alle gefallen net wer in grut muzykteäterstik, sa as dat tongersdei syn twadde reprize krijt. Wat it dan wol wurdt, bliuwt noch ûndúdlik. "Mar jim binne noch net fan Tjerkje ôf", lit produsint en regisseur Ypy Zysling mysterieus witte.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De twadde reprize fan Elk Sines, mei haadrollen foar Klaasje Postma en Freark Smink, is dus absolút de lêste. It stik wurdt noch 14 kear spile tusken 9 en 25 maaie en alle foarstellingen binne al útferkocht.

"Mear sit der écht net yn", fertelt Zysling. "We binne ôfhinklik fan spilers en frijwilligers en fansels fan de beskikberens fan de lokaasje." Dy lokaasje is de pleats Zathe de Klieuw by Hidaard, dy't omboud is ta teäter. In part fan de greide wurdt brûkt as parkearterrein.

Ferslachjouwer René Koster trof haadrolspylster Klaasje Postma en produsint en regisseur Ypy Zysling

Zathe De Klieuw - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"It is trouwens ek wolris klear. Dat je sizze kinne dat it stik útspile is en dat it tiid wurdt foar wat oars", fynt Zysling. Der komt dus ek wat oars, basearre op it kastleinske fan De Klieuw. Mar wat dat krekt wurde sil, is foarearst noch it mystearje fan De Klieuw.

Trefwurden: 
Elk Sines De Klieuw Tjerkje
(Advertinsje)
(Advertinsje)