Restaurants yn Ljouwert wolle duorsumer wurde

Seis restaurants yn Ljouwert en omkriten binne mei in projekt begûn om duorsumer te wurden. Se krije dêr help by fan studinten fan hegeskoalle NHL Stenden en de Hogeschool van Amsterdam.
Iten side © Shutterstock.com
Doel is om de koks fan de takomst te learen hoe't se better iten kreëarje kinne en ferantwurd omgean kinne mei ôffal yn restaurants.
De studinten fan NHL Stenden ûntwikkelje nije modellen om de miljeufreonlikheid fan restaurants te ferbetterjen. De studinten fan de Hogeschool Amsterdam meitsje lesprogramma's foar mbo-opliedingen.