F-35 komt dit jier santich kear yn aksje op fleanbasis Ljouwert

Santich kear wurdt der dit jier flein mei in F-35 op de fleanbasis Ljouwert. Dat makke kommandant Arnoud Stallmann bekend by de gearkomste fan de Commissie van Overleg en Voorlichting Milieu (COVM) yn it provinsjehûs. It giet mei-inoar om 27 fleanoeren.
© Omrop Fryslân
De kommende jierren wurdt der minder flein fan de fleanbasis Ljouwert ôf. Troch de oergong fan de âlde F-16 nei de nije F-35 binne der minder fleantugen beskikber. Dat jout minder fleanbewegingen fan de eigen tastellen, sa seit Stallmann. It wol net sizze dat der oer it algemien minder flein wurdt, sa warskôget de kommandant. It kin bêst wêze dat oare tastellen fan de fleanbasis Volkel of út it bûtenlân de basis oandogge.
De earste F-35 dy't in permanint plak kriget op de fleanbasis wurdt yn oktober ferwachte. Dêrnei folgje stadichoan mear tastellen.
By de gearkomste waard ek stilstien by de klachten fan it ôfrûne heal jier. De hoop is dat mei de komst fan it lûdsmjitnet klagers mear dúdlikens krije. De klachten kinne dan ek makliker digitiaal yntsjinne wurde.

Tefreden oer lûdsmjitnet

It lûdsmjitnet sels wurket goed. Der is dúdlik te sjen hoefolle leven oft in tastel makket. Der komme ek wolris nuvere klachten binnen, sa seit âld-fleanbasiskommandant Anton den Drijver. Hy is belutsen by de oanlis fan it netwurk. Sa kaam der op ien mikrofoan in opfallende útslach binnen. Bliken die dat der in plastic pûde tsjinoan hingjen bleaun wie.
As it net slagget fuort in oarsaak te finen fan in klacht of in opfallende útslach, dan is it neffens Den Drijver mooglik om de bannen op te freegjen. Dan kinne je letter neilústerje wat krekt de oarsaak fan de klacht is.