Sportoersjoch: Autokoereur Beitske Visser, keatsen, Friese Boys en SC Cambuur

Beitske Visser fan Twellingea is ien fan de favoriten by de W Series, de nije raceklasse foar froulju. Dit wykein wie de primeur yn it Dútske Hockenheim. Hoe hat Beitske it dien? Fan it wykein wie der ek keatsen: de earste frije formaasjepartij fan it seizoen. En fansels fuotbal mei Friese Boys út Kollumersweach en mei SC Cambuur.
Sportoersjoch FH
Hoe is it mei de blessearre doelman Xavier Mous? De Ljouwerters spylje freed de earste wedstriid fan de neikompetysje om promoasje nei de earedifyzje. Almere City is de tsjinstanner. Dat duel is ferkeazen ta 'Wedstriid fan de Wike'.