Wethâlder Mark de Man: Ryk moat tekoart jeugdsoarch fuortwurkje

06 maaie 2019 - 20:35

It miljoenetekoart by de Fryske gemeenten op it terrein fan de jeugdsoarch sil foaral troch it Ryk fuortwurke wurde moatte. Dat fynt wethâlder Mark de Man fan Súdwest-Fryslân. Hy wiisde der yn It Polytburo op dat it Ryk de jeugdsoarch oerhevele hat nei de gemeenten, sûnder dêr it jild by te leverjen. Sa waard seis miljard euro besunige.

No draaie deselde gemeenten foar de tekoarten op. Yn it Súdwest-Fryslân fan De Man giet it om goed trije miljoen euro oer foarich jier. Njonken Súdwest-Fryslân ha ek oare Fryske gemeenten te meitsjen mei grutte tekoarten op de jeugdsoarch. Yn Smellingerlân giet it om fjouwer miljoen euro, en yn Ljouwert soe it sels om acht miljoen gean.

Der rint in grut provinsjaal ûndersyk om te sjen wêrom't de soarchkosten de kliïnt omheech rinne. Mei de útkomsten fan dat ûndersyk moat it Ryk oer de brêge komme mei ekstra jild, seit De Man.

(advertinsje)
(advertinsje)