Jong Hearrenfean wint op besite by Jong De Graafschap
De beloften fan Hearrenfean ha moandeitejûn wûn fan Jong De Graafschap. Op De Vijverberg waard it 3-2 foar de Feansters. Ibrahim Dresevic foel blessearre út.
Al nei sân minuten moasten de Feansters in tsjinslach ferwurkje, doe't ferdigener Ibrahim Dresevic blessearre útfoel. Nei 23 minuten kaam Hearrenfean ek noch op efterstân troch in goal fan Bert Esselink. Op slach fan rêst makke Jizz Hornkamp de lykmakker.
Goed tsien minuten nei skoft sette Nemanja Mihajlovic de Friezen foar it earst op foarsprong. Yn de 68e minút makke Jonathan Vergara Berrio 2-2, mar noch gjin trije minuten letter soarge ferdigener Andreas Skovgaard foar de winnende 3-2.
Jong Hearrenfean stiet no twadde yn pûl B fan de reservedifyzje, ien punt efter Jong Go Ahead Eagles. Hearrenfean moat noch wol in wedstriid mear spylje.