Plannen om basisskoalle yn Reitsum te feroarjen yn doarpshûs

It bestjoer fan doarpshûs De Fjouwer yn Reitsum wol de skoalle yn it doarp keapje en der in doarpshûs yn fêstigje. Basisskoalle de Flieterpen yn Reitsum slút kommend skoaljier de doarren, omdat der te min bern op sitte.
Basisskoalle de Flieterpen yn Reitsum © Google Streetview
It gebou fan de skoalle is noch frij nij, wylst it besteande doarpshûs yn de eardere grifformearde tsjerke hurd oan ûnderhâld ta is. Yn in brief oan B en W én oan de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân skriuwt it bestjoer fan it doarpshûs dat de basisskoalle in perfekt gebou is foar in doarpshûs.
De brief is mei ûndertekene troch doarpsbelang Reitsum. Yn de brief wurde de foardielen op in rychje set: it is in reedlik nij gebou, it grinzet oan it sportfjild dat foar it organisearjen fan aktiviteiten ideaal is, der hoege gjin grutte ynvestearringen dien te wurden en der is folle minder enerzjyferbrûk, dus duorsumer.
Oer it hjoeddeistige doarpshûs wurdt skreaun dat der flink yn ynvestearre wurde moat, om it gebou by de tiid te hâlden. Boppedat stiet it midden tusken de huzen wat wolris lûdsoerlêst op smyt.
Oane Sierksma fan doarpshûs De Fjouwer yn Reitsum