Fryske dielnimmers sykje skûtsje foar Amsterdamse Gaypride

De Fryske dielnimmers oan de Amsterdamse Gaypride wolle graach mei in skûtsje dy kant op, mar der liket gjin skûtsje beskikber. Alles skûten binne dan by it SKS skûtsjesilen, want de Canal Pride en de SKS-wedstriid by Starum falle op deselde dei, op 3 augustus.
© ANP
Yn jannewaris ha de Friezen in ûntwerp ynlevere foar dielname oan de Gaypride yn Amsterdam, en se binne út mear as 100 ynstjoeringen útkeazen om meifarre te meien. Om Fryslân te fertsjintwurdigjen wolle se graach in skûtsje ha.
"Yn 2008 ha we ek meidien", fertelt Andries Seefat fan de Stichting Promo Gay Leeuwarden. "Dat wie geweldich en dat woenen we nochris. We seinen, we geane derfoar. Fan de trije noardlike provinsjes is Fryslân de iennige dy't meidien hat, dus dat it wol bysûnder."
It leafst wol de organisaasje in skûtsje fan 18 meter. "Noch belangriker is dat der gjin mêstkokers opsitte, want we moatte ûnder sa'n tritich brêgen troch, dus we kinne net te djip lizze. We sille mei fyftich minsken derop, mei muzykynstallaasje en oanklaaiïng."
Binnen twa wiken moatte de organisaasje witte oft der in skûtsje beskikber is, want der moat ek noch fan alles taret wurde.