Wat is it nije Fryske wurd foar pimel?

In nij Frysk wurd foar pimel. Dêr wie de Fryske studinteferiening FFJ Bernlef yn Grins nei op syk de ôfrûne wiken. Yn neifolging fan ús grutskalige syktocht yn gearwurking mei IepenUP Live nei in nij Frysk wurd foar fagina - flomke - tocht de studinteferiening dat it manlik geslachtsdiel net achterbliuwe mocht.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De feriening hat likernôch 150 leden en elkenien koe op ferskate opsjes stimme:
En de winner is... Grutte Pier! Neffens lid Daan wie dizze útkomst wol te ferwachtsjen. "Ja, it siet der oan te kommen." Neffens de studinten fertsjinnet it manlik geslachtsdiel dus net ien, mar twa wurden. Grutte Pier krige 57 stimmen.
Dochs wie it in close call, seit Daan. "Twa farianten sieten hiel ticht by elkoar en dat wienen 'Grutte Pier' en 'bûkeman', dat lytse man betsjut. It koe beide kanten noch op." Grutte Pier krige úteinlik 40 persint fan de stimmen en bûkeman 37 persint.
Daan fan studinteferiening FFJ Bernlef út Grins