Spannende nacht foar blauwebei-kwekerij Sparkberry yn Burgum

By blauwe beikwekerij Sparkberry yn Burgum steane al tûzenen beistrûken yn bloei. Neffens kweker Jan Vonk kinne benammen de blomkes dy't al hielendal iepen stean gjin nachtfroast ferneare.
Spannende nacht foar blauwebei-kwekerij Sparkberry yn Burgum
"Ien, oardel graad froast kin miskien noch krekt, mar kâlder moat it net wurde." Syn beistrûken binne krekt wat fierder as oars fanwege it moaie waar om de peaskedagen hinne. As it de kommende nacht echt fjouwer oant fiif graden friest, dan kin it Sparkberry wol de heale jieromset kostje. "We binne it hele jier yn it spier foar in moaie risping yn 'e maaitiid, en dan is soks it lêste dat je wolle", seit ûndernimmer Vonk.
Jan Vonk by syn lân mei blauwe beistruken © Omrop Fryslân
Sparkberry hat net de mooglikheid om alle strûken te bereinen, om de blommen sa tsjin nachtfroast te beskermjen. "Dêr hawwe je in spesjale ynstallaasje foar nedich en dy hawwe we net. Dêr binne we eins ek krekt te lyts foar. En sa faak friest it hjir ek net yn 'e maaitiid."
In oar advys foar fruitkwekers is om de strûken nachts te ferwaarmjen mei fjoerpotten. Vonk sjocht dêr net folle heil yn. It is neffens him te bewurklik en te djoer, wylst it effekt mar hiel beheind is. "Ik moat my fannacht mar gewoan deljaan. Hjir fannacht omspûkje jout dochs neat."
Jan Vonk fan blauwe bei-kwekerij Sparkberry yn Burgum
Sparkberry hat fan juny oant septimber blauwe beien fan eigen kwekerij. Dy wurde yn de eigen winkel ferkocht en fia ferskate oare ôfsetkanalen yn Fryslân. Vonk kin de folsleine omset maklik yn Fryslân kwyt. 2018 wie foar it bedriuw it bêste jier oant no ta. "Ik hoopje echt dat wy ek dit jier wer in moaie, waarme simmer krije. Dat is foar ús ideaal; gjin reindagen, gjin skimmel en in moaie opbringst. Mar dan moatte we gjin nachtfroast krije."
Dizze blauwe beien yn de kas kinne oer in wike as fjouwer al rispe wurde © Omrop Fryslân