Neikompetysjeduel SC Cambuur is 'Wedstriid fan de Wike'

06 maaie 2019 - 17:20

Der binne 38 wedstriden kompetysjewedstriden spile foar SC Cambuur, mar eins begjint it seizoen no pas. De Ljouwerters spylje freed de earste wedstriid fan de neikompetysje om promoasje nei de earedifyzje. Almere City is de tsjinstanner. Dat duel is ferkeazen ta 'Wedstriid fan de Wike'.

Almere City einige as sânde yn de earste difyzje en Cambuur as tsiende. Dochs meie de fans hoopje op promoasje. "'SC Cambuur promoveert, is het niet nu dan volgend jaar', sjonge de supporters fan de Ljouwerters geregeld. It soe dit seizoen ek kinne", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "Yn tsjinstelling ta de foarige jierren is Cambuur no absolút gjin favoryt. Se kinne sûnder druk de play-offs yn."

Freed is de earste wedstriid tusken SC Cambuur en Almere City. Tiisdei is de return yn Almere. As de ploech fan trainer René Hake de folgjende ronde hellet, wachtet in earedifyzjonist.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'.

De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)