HEA! Raerd knapt sels syn gymseal op
Der moat hiel wat barre om de âlde gymseal fan Raerd wer wat by de tiid te bringen. De gemeente Súdwest-Fryslân woe wol fan it ferâldere gebouke ôf of it slope. Mar dat woene de Raerders net heal. It doarp kocht de seal oan en sa'n fyftich frijwilligers melden harren oan om te helpen. No wurdt mei man en macht wurke om de boel op te knappen.