Frysk Jeugd Fanfare Orkest wint earste priis cum laude yn België

06 maaie 2019 - 17:08

It Frysk Jeugd Fanfare Orkest hat op in muzykfestival yn België in earste priis cum laude yn de wacht sleept. Op it festival diene 29 lannen mei, mei 92 ensembles. Mei inoar binne dat 3.600 muzikanten.

Foto: Frysk Jeugd Fanfare Orkest

It wie snein in lange dei foar it orkest út Wûns, se wiene midden yn de nacht pas thús en moandei moast elkenien wer gewoan nei skoalle. In grutsk gefoel oerhearsket by dirigint Syde van der Ploeg. "We ha in prachtige dei hân, we ha spile en hopest fansels dat alles goed giet. We komme út yn de heechste difyzje en foar sa'n jong orkest as dat fan ús is dat bêst lestich. We ha mei syn allen goed prestearre."

In sjuery beoardielet it optreden. As se mear as 80 punten jouwe, hast in earste priis en by mear as 90 punten krijst cum laude. "Nei ôfrin ha ik mei de sjuery praat en we hienen 94 fan de 100, dat is in prima prestaasje."

"It folgjende doel is om ek jûns op te treden op it muzykfestival yn it Belgyske Neerpelt. Oerdeis spylje tal fan orkesten op ferskate plakken. Oan de ein fan dei wurde de bêste fiif útnûge om jûns har programma nochris te spyljen foar gasten en in kennerspublyk."

Dirigint Syde van der Ploeg

(Advertinsje)
(Advertinsje)