Seekontener as sportfasiliteit op Harnzer strân: bewege yn de iepen loft

06 maaie 2019 - 16:39

Yn Harns is moandeitemiddei in saneamde sportkontener presintearre. De seekontener docht tsjinst as mobile sportfasiliteit en stiet op it strân fan de havenstêd by it strânpaviljoen. Ald-turner en trainer Herre Zonderland iepene de kontener.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

'Contrainer' stiet op de bûtenkant op de seekontener dy't foar de helte iepen is. Der leit guod yn lykas ringen en bannen en minsken kinne klimme yn touljedders.

Wethâlder Harry Boon leit út dat de kontener diel útmakket fan in grutte plan om de Westerseedyk te ûntwikkeljen, om it gebiet by it strân oantreklik te meitsjen en mear te ferbinen mei de stêd.

"We willen jong en oud meer laten bewegen in de buitenlucht. De container staat aan een route waar mensen langs lopen of joggen en hier kunnen ze andere spiergroepen oefenen. De gemeente heeft geld beschikbaar gesteld daarvoor. Dit is nog maar het begin, er volgen nog meer in de stad, in de dorpen, langs routes waar mensen wandelen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)