SC Hearrenfean spilet snein mei roubannen tsjin NAC

06 maaie 2019 - 16:24

Sportklup Hearrenfean spilet de wedstriid fan snein tsjin NAC Breda mei roubannen om. De spilers betinke sa Jan Landman, dy't fjirtich jier frijwilliger west hat by de klup. Landman ferstoar oardel wike lyn op 80-jierrige leeftiid.

It Abe Lenstra Stadion - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Foarôfgeand oan de wedstriid wurdt ek in minút stilte hâlden ta neitins fan Landman. Hy wie fanwege syn fertsjinsten foar de klup ek beneamd ta 'Heer van Heerenveen', in earetitel dy't mar in inkelde kear takend wurdt.

(advertinsje)