Brân dêr't akku's by belutsen binne, is dreech te bestriden

06 maaie 2019 - 16:01

It risiko dat elektryske boaten spontaan yn de brân fleane is wol oanwêzich, mar net ekstreem grut. Yn elektryske boaten sitte oare akku's as yn bygelyks elektryske fytsen en elektryske auto's. Wat de oarsaak wie fan de brân sneontejûn yn Snits, doe't in boat eksplodearre en folslein útbaarnde, wurdt noch ûndersocht. Dêr is neffens de brânwacht noch neat oer te sizzen.

Nei kontrôle en foarsoarchsmaatregels, hat de brânwacht sneontejûn earst fan ôfstân in rút ynslein om gefaarlike gassen frij te litten. Doe't der neat barde, besleaten fjouwer brânwachten de tagongsdoar fan de boat iepen te meitsjen en waard mei in waarmtekamera kontrolearre.

Doe kaam der lykwols in grutte eksploazje. Twa fan harren waarden troch de krêft fan de eksploazje fan it efterdek slein en kamen yn it wetter telâne. De oare twa waarden tsjin de reling fan it skip smiten. Se wiene licht ferwûne.

Neffens Marko Fennema fan de brânwacht hat de brânwacht sneon neffens protokol hannele. Dat der ynienen in eksploazje kaam, koene sy net foarsjen.

Mear akku's en batterijen

Fennema sjocht wol dat der hieltiid mear akku's en batterijen komme. En dat betjut dat de kâns op brannen dêr't akku's en batterijen by belutsen binne ek tanimt. Mar dat betsjut net dat se gefaarlik binne. Yn Nederlân wurde apparaten goedkard, dus dat moat yn oarder wêze, seit Fennema. Goed oan de regels hâlde, net oan de lader lizze litte as se fol binne en orizjinele oplaadkabels brûke is fan grut belang foar de feiligens.

It blussen fan akku's, foaral litium-akku's is hiel oars as in oare brân wit Fennema. It is dreger om it fjoer út te krijen omdat de batterij syn eigen enerzjy leveret. Mei is soad wetter koel hâlde of sels ûnderdompelje wurket it bêste.

Marko Fennema fan brânwacht Fryslân

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Abele de Jong fan Hoora yn Heech - in wettersportbedriuw dat elektryske boaten ferhiert en bout - leit út dat de technyk achter elektryske boaten en elektryske auto's hiel oars is: "Yn in Tesla bygelyks sitte litiumakku's. Wy brûke traksy-sellen, dat binne akku's dy't al langer brûkt wurde yn bygelyks de heftruckyndustry."

Dochs kin der ek mei dit soarte fan akku's wol wat misgean. En dêrom wurde de boaten fan alle klanten fia de kompjûter folge, ûnder oaren op temperatuer. By ôfwikingen fan de normale wearden krijt de klant automatysk in warskôging.

De Jong tinkt fierder dat ûngelokken sa as ôfrûne sneon yn Snits ek komme trochdat it allegear noch frij nij is. "Mei disel en benzine kin ek fan alles barre, mar dêr binne we oan wend. De hiele elektryske farderij stiet noch yn de berneskuon. Dan krije jo hast automatysk ek dit soarte fan problemen. Mar oer it gehiel is it superfeilich."

Abele de Jong fan Hoora yn Heech

(advertinsje)
(advertinsje)