Mous slacht groepstraining Cambuur foarearst noch oer

06 maaie 2019 - 15:08

Xavier Mous stiet moandei en de kommende dagen noch net op it trainingsfjild fan SC Cambuur. De keeper rekke freed blessearre yn de wedstriid tsjin FC Twente oan syn boppeskonk. Oft Mous freed ynsetber is yn de play-offwedstriid tsjin Almere City is noch net wis.

Foto: Orange Pictures

It goeie nijs is dat ûndersyk útwiisd hat dat der gjin skuorke yn de boppeskonk fan Mous sit. Oars hie it foar him de ein fan it seizoen betsjutten. De Haarlemmer hat goeie hoop dat hy freed gewoan ûnder de latte stean kin, mar dat sil de kommende dagen dúdlik wurde.

Mooglik dat Mous tongersdei wer foarsichtich meidwaan kin oan de groepstraining.

(advertinsje)
(advertinsje)