Rens Kroes oer It Takes 2: "It wie hiel heftich mei de senuwen"

06 maaie 2019 - 14:37

Rens Kroes joech freed acte de présence yn it telefyzjeprogram It Takes 2. Yn dat programma fan SBS 6 sjonge bekende Nederlanners, wylst sjonge net har berop is. De Fryske blogster en skriuwster oer sûn libje docht mei oan it fjirde seizoen fan it programma.

Foto: ANP

Se song it nûmer 'In nije dei' fan De Kast. "Ik wie bliid dat ik in Frysk nûmer sjonge koe. Ik kom fansels út Fryslân en as ik Frysk praat en ek dus ek Frysk sjong, kom ik tichter by myn gefoel."

Hoe sjochst werom op de earste útstjoering?

"It wie hiel heftich mei de senuwen. Dat hie ik net tocht, ik ha wol yn in band spile. Mar dit is sa oars, sa'n oar gefoel. Stiest op in grut poadium, der binne allegearre kamera's, der is publyk en in sjuery fansels. Der komt dus folle mear by sjen."

"Doe't ik oan it sjongen wie, waard ik hiel bewust fan mysels. Ik realisearre my dat ik der sa útsjen moast en sa sjonge moast. Dat is spitich, want ik joech mysels sa in soad druk en dêrtroch koe ik minder genietsje. Doe't ik mysels weromseach op telefyzje, koe ik dy senuwen yn myn eagen ek wol sjen."

Har sjongcoach is Marcell Veenendaal fan de band Direct. "Dêr bin ik hiel bliid mei, want dat woe ik ek graach. Hy is in gefoelsman, hy giet hielendal foar dy en wol datsto shine kinst op it poadium. We ha in goede konneksje, kinne moai sjonge tegearre. Mei de repetysjes gie it hiel goed."

Hoe wie it om mei te dwaan?

"It wie hiel leuk en bysûnder om mei te meitsjen. Ik ha genoaten, ek mei de minsken deromhinne. It wie leuk, mei it hiele team en ik ha ek in soad leard."

Hoe no fierder?

Freed is de twadde ôflevering op telefyzje. "Dy sil ik miskien mei freondinnen sjen. It is wol spannend, want ik ha it ek noch net sjoen."

Se moat it opnimme tsjin Bobbi Eden, Jan Joost van Gangelen, Harry Piekema, Imanuelle Grives, Lisa Michels, Loes Haverkort, Stefan Jurriëns en Pim Muda.

Rens Kroes

(Advertinsje)
(Advertinsje)