Sikehûzen ha mear geriaters op SEH nedich mei it each op fergrizing

Der komme hieltyd mear âlderen, wat hat dat foar gefolgen foar de soarch? En dan benammen foar de spoedeaskjende help? Medysk spesjalisten fine dat op dy ôfdielingen altyd in dokter beskikber wêze moatte soe dy't spesjalisearre is yn âldereinsoarch. Foar in soad regionale sikehuzen is dat dreech fanwege de besetting en hege kosten.
Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Sikehûs de Tjongerschans op It Hearrenfean hat in tal jierren werom âldereinsoarch as spearpunt beneamd. "De lêste jierren ha we mear geriaters oannommen", fertelt geriater Froukje Beintema fan it Feanster sikehûs. "Der komme hieltyd mear âldere minsken, ek op de spoedeaskjende help. De ferwachting is dat dat tanimme sil en dat yn 2030 ien op de fjouwer Friezen boppe de 65 is en dat dêrfan ek in grutte groep noch âlder as 85 jier is."
In geriater is spesjalisearre yn de âldere pasjint. "It giet faak om kwetsbere pasjinten dy't faak ferskillende kwalen ha en meardere medisinen brûke. Der is in soad kennis nedich om dêr nei te sjen. As je dêr fuort by de opname nei sjogge, dan kin de pasjint better troch de opname komme."
Yn de Tjongerschans is altyd in geriater oanwêzich. "Ek ha we ferpleechkundigen scholing jûn. Op de spoedeaskjende help wurde minsken boppe de santich screend op dy kwetsberheid."
Neffens Beintema is de âldereinsoarch yn har sikehûs no goed op oarder, mar sille yn de takomst mear geriaters nedich wêze. It sikehûs wurket ek gear mei ferpleechhûzen en hûsdokters yn de regio om sa goed mooglik de soarch foarm te jaan.
Geriater Froukje Beintema fan sikehûs De Tjongerskâns