Ekolooch Eduard Peter de Boer oer de Natuertop: "It komt op 'e kop ferkeard"

Op de Natuertop yn Parys wie de konklúzje hiel stellich. It moat kompleet oars mei ús libben wolle wy de ierde leefber hâlde. Dat betsjut in oare wize fan produsearjen, mar ek fan konsumearjen. Alle 130 lannen dy't op de Natuertop oanwêzich binne, binne it dêr oer iens. Neffens ekolooch Eduard Peter de Boer begjint it lykwols by de minsken sels. "Yn Fryslân kinne in protte minsken harren libben betterje. Oars komt it op 'e kop ferkeard."
It tinken oer duorsumer libjen feroaret hieltyd mear, mar it stiet noch yn de berneskuon, fynt ekolooch Eduard Peter de Boer. Benammen yn Nederlân en Fryslân is der wurk oan de winkel. "Mei Nederlân stiene wy ea foaroan op it mêd fan natuer, mar wy lizze no in hiel ein efter. Wy stean op plak 26 kwa miljeufersmoarging. Beskamsum."

Utstjergolf

It giet mis by de oerheid en de grutte bedriuwen, sa stelt De Boer. "Dêr draait it noch altyd om koarte termyn tinken en om jild. As wy sa trochgean, is it aanst gebeurd. Wy sitte yn in útstjergolf fan planten en bisten, mar ek fan de minske sels."

Tsien sekonden foar tolven

It is net fiif foar tolven as it giet om in oare wize fan libjen, mar tsien sekonden foar tolven, seit De Boer mei klam. "Minsken kinne sels in soad dwaan. Feroaringen begjinne lyts. Set it broadsje hamburger en de kiloknallers oan de kant. Tink nei oer watsto ytst. Dêr begjint it al mei."

It paad werom

Ien ding is wis: it moat oars. De Boer: "Wy kinne net fierder op dizze wize. Wy moatte ús boereferstân wer brûke, mar dat binne wy kwytrekke. Wy moatte op in duorsume wize tegearre mei de natuer it paad werom fine."
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Ekolooch Eduard Peter de Boer