Sjongeres Esther de Jong: "De rauwheid van Friesland vind je nergens"

06 maaie 2019 - 12:15

Ek al hat de 25-jierrige Esther de Jong út Ljouwert in prachtige platedeal by Excelsior Recordings binnensleept, se moat der net oan tinke om nei it westen te ferhúzjen. De fan oarsprong Dokkumse fynt Fryslân in moai en geskikt plak om te wurkjen en fan hjirút de rest fan it lân te feroverjen. Se makket Nederlânsktalige sfearyske deiboekmuzyk.

It Kulturele Haadstêdjier sit derop. De keunst en kultuer yn Fryslân hawwe in flinke boost krigen. Mar is dat bliuwend? Om dit te ûndersykjen folget Omrop Fryslân dit jier ferskate jonge kreativelingen dy't der bewust foar kieze om yn Fryslân te bliuwen, om't se hjir kânsen sjogge. Yn diel 1 wienen we by Wytse Dijkstra.

Foarút helpe

"Laatst was ik in Amsterdam, en toen besefte ik hoe anders de mensen zijn", fertelt Esther. "Mensen zijn veel uitbundiger. Verder is mijn blik heel anders, je zou het een nuchtere Friese blik kunnen noemen." Se fielt har dêrom goed thús yn Fryslân. Boppedat fernimt se dat men yn Fryslân de makkers hieltyd better helpe wol. "Organisaties zoals de Popfabriek, Friesland Pop en Welcome to The Village proberen een bed en een springplank voor Friese makers te creëren."

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Doarp

Dochs binne der noch wol dingen dy't hjir better kinne, fynt Esther. "Er mag wel opnieuw naar het woord mienskip worden gekeken. Iedereen is heel erg met zijn eigen stukje bezig." Dat fynt De Jong spitich. "We kunnen wel wat meer open staan voor elkaar en hulp vragen aan elkaar. Niet alleen, maar met z'n allen de schouders eronder zetten."

Esther de Jong

(advertinsje)
(advertinsje)