Opera Spanga bestiet 30 jier en fiert dat mei twa opera's en in boek

06 maaie 2019 - 11:59

Opera Spanga fiert it 30-jierrich bestean dit jier mei twa koarte opera's Pagliacci fan Leoncavallo en Il Tabarro fan Puccini. Ek komt der in boek oer de skiednis fan Opera Spanga dat wol it 'Verona van Weststellingwerf' neamd wurdt.

Foto: Spanga

Beide opera's geane oer froulike ûntrou. De foarstellingen wurde spile yn in healiepen tinte yn Spangea, dat sa al jierren natuer en kultuer kombinearret. De regy is fan Corina van Eijk en Tjalling Wijnstra hat de muzikale lieding. De foarstellingen wurde opfierd fan 25 july o/m 10 augustus.

Boek

Yn opdracht fan de gemeente Weststellingwerf makket Opera Spanga in boek oer '30 jaar Opera Spanga'. Sjoernalist Kasper Jansen (earder operaresinsint fan NRC Handelsblad) skriuwt oer de achtergrûnen by de foarstellingen dy't de ôfrûne 30 jier troch Corina van Eijk, artistyk lieder, makke binne.

Trefwurden: 
jubileum Spangea Opera Spanga
(advertinsje)
(advertinsje)