Skiekundetopper Alwin Jansen docht foar twadde kear mei oan lanlike Olympiade

06 maaie 2019 - 11:20

Alwin Jansen út Sint-Jânsgea is in echt skiekundetalint. De VWO-learling fan it Bornego College op It Hearrenfean mei dit jier foar de twadde kear op rige meidwaan oan de einronde fan de Nasjonale Skiekunde Olympiade. Hy heart hjirmei by de 20 bêste skiekundelearlingen fan Nederlân.

Alwin Jansen (16) - Foto: Omrop Fryslan, Timo Jepkema

"Ik dacht waarom niet nog een keer," seit Alwin Jansen oer syn dielname. De toets fan de earste ronde fûn er net dreech. Hy wie dan ek net ferrast dat er troch wie. De twadde ronde wie wat lestiger. "Inspannend, maar ik heb er ook wel van genoten voor zover je dat kunt zeggen. Zo'n toets is wel een uitdaging en je bent aan het einde wel even gaar."

Hy is net senuwachtich foar de einronde. "Misschien komt het doordat ik het al eens heb meegemaakt. Ik weet hoe het gaat." Mar earst moat er eineksamen dwaan, dat is neffens him "echt kinderspel vergeleken de olympiade."

De Olympiade wurdt yn de earste wike fan juny hâlden yn Grinslân. De dielnimmers moatte ûnder oare in teory- en in praktikumtoets meitsje. De útslach wurdt 7 juny bekend makke.

(advertinsje)
(advertinsje)